← Werom nei it blok

Blok 1 · 8 / 10

Blok 1 · Aktiviteit 8 fan 10

Dêr sit muzyk yn

◷ 5–10 minuten

Muzyk

OAN ‘E SLACH

Wat witte jim no oer de bern?

Harkje nei it ferske

Allegear wol wat

Tekst: Jelle Bangma · Muzyk: Bob Pruiksma

Klaas hat earen grut as seilen,
Bart syn noas stiet frijwat bryk.
Gryt byt altyd op har neilen,
Jan is stiif mei gymnastyk.

D’ iene dit en d’ oare dat,
Allegear wol wat,
Sis no sels wat hinder dat.

Guon dy brijkje, oaren slisse,
Wyt of swart of fjoerread hier.
Richtsje kin de R net sizze,
Wat in spruten hat dy Pier.

D’ iene dit en d’ oare dat,
Allegear wol wat,
Sis no sels wat hinder dat.

Gelske sjocht troch tsjokke glêzen,
Chris komt altyd krekt te let.
Silke stammert mei it lêzen,
Sybe snapt syn sommen net.

D’ iene dit en d’ oare dat,
Allegear wol wat,
Sis no sels wat hinder dat.

☷ Hantlieding

Scroll naar boven