← Werom nei it blok

Blok 1 · 1 / 10

Blok 1 · Aktiviteit 1 fan 10

Lês en ûntdek

◷ 5–10 minuten

Tekst

OAN ‘E SLACH

Wat wolsto wurde?

Harkje nei de tekst

Wat wolsto wurde?

In soad minsken moatte der lang oer neitinke wat se letter wurde wolle en oaren komme der eins noait achter. Dochs binne der bern dy’t sa’n talint hawwe dat se der miskien letter wol harren wurk fan meitsje kinne. Ast noch net witst watst wurde wolst, dan hindert dat fansels neat. Miskien kiest letter wol ien fan de populêre beroppen yn de listjes hjirûnder:

Top 10 beroppen famkes

  1. Juf (9,5%)
  2. Bistedokter (7.1%)
  3. (Berne)dokter (5.4%)
  4. Eigen bedriuw (4.2%)
  5. Kapster (3.9%)
  6. Toanielspylster of filmstjer (3.8%)
  7. Fuotballer (3.6%)
  8. Plysje (3.6%)
  9. Binnenhûsarsjitekt (2.9%)
  10. Moade-ûntwerpster (2.1%)

Ek populêr by de fammen: arsjitekt, advokaat, dûnseres, (berne)psycholooch, sjongeres, sjef-kok, hynsterydster, ferpleechkundige, sjirurch, fotograaf.

Top 10 beroppen jonges

  1. Fuotballer (14%)
  2. Arsjitekt (6%)
  3. ICT’er (4.3%)
  4. Gamer / E-sporter (3.3%)
  5. Eigen bedriuw (3%)
  6. Plysje (3%)
  7. Militêr (2.5%)
  8. DJ (2.3%)
  9. Biolooch (2.3%)
  10. Sjef-kok (2.1%)

Ek populêr by de jonges: dokter, automonteur, sportlearaar, bistedokter, master, advokaat, filmstjer, timmerman, wittenskipper, sjirurch.

Boarne top 10 beroppen: www.jmouders.nl · Dit en Dat, nr. 2, oktober 2021.

☷ Hantlieding

Scroll naar boven